Vriendenkring Feanwalden
Toneelvereniging Vriendenkring is opgericht op 18 april 1912

VRIENDENKRING SPILET: BELLA ITALIA


Op in bungalowpark yn Itaalje hawwe ferskate minsken in hûske hierd. De iene rint wat better mei de tiid mei as de oare. Der is ien dy ’t faak swak, siik en mislik is en dan is der noch de Fryske Italiaan dy ’t fan feestjes en mokkeltsjes hâld. Mar om no alles kompleet te meitsjen komme der ek noch twa frouljú mei skiere knibbels bij.

Dy witte fansels de boel aardich op te stoken. Oant der stellen wurdt. Dan binne de rapen gear.

Guon witte wa ’t it dien hat. Der moat sels immen nei it plysjeburo ta. Elkenien kom ta in hiel oar ynsjoch mei wat der allegear oan ‘e hân is.

De fraach is fansels, hoe rint dit ôf en wa hat it dien ?

We sille it sjen en belibje.