Vriendenkring Feanwalden
Toneelvereniging Vriendenkring is opgericht op 18 april 1912

Interview Lieuwe van der Veen Dorpskompas

Op de thússide fan de webside stiet: Opgericht 18 april 1912. Dat is in lang
skoft. Hielendal as je betinke dat yn dyselde moanne de Titanic fergie.
Hy is al seis jier foarsitter fan Vereniging Vriendenkring: Lieuwe van der Veen, ek
wol Lieuwe 'Stoom' neamd. Wy sitte op in moarnskoft oan de kofje. Lieuwe is frij,
hy makket syn f rije dagen fan it wurk op.

"De Rinsehal"

No noch in grutte keale showroomhal. Aanst, nei de metamorfose it ûnderkommen fan in gesellich teater!

 

Hy giet op 1 jannewaris 2012 mei de VUT mar is noch altyd op stoom. Net allinnich
mei de Vriendenkring, mar ek mei de 'Goedheiligman', dêr't er al in jierrenlange
djippe freonskip mei hat. Dêrneist sjantelt er by de Hellingbazen. Hy glimket efkes.
"Wy ha krekt in Winterjûn-útfiering hán. Prachtich wie dat, folle bak!" Ek dêr sit in
jubileum oan te kommen. Op 12 maaie is der in shantyfestival, tagelyk mei de
boekemerk efter De Skierstins. Wy gean werom yn de tiid fan
Vriendenkring. Lieuwe hat allegear kranteknipsels fan eartiids foar him
te Iizzen. Hy laket en lêst foar:"Sjoch no ris, de earste útfiering fan Jong
Vriendenkring wie op 26 desimber 1912 foar de net-trouden en op 3 jannewaris
1913 foar de troude pearen", begjint er, in bytsje fernuvere. "En yn 1919 moast
der in bettere kontrole komme op de kaarten, want der wie in swarthannel!"
Hy lêst fierder. De toanieljûnen wiene ófwikseljend yn Café Plantinga, Popma,
De Mienskip en Café 't Dûke Lûk." Yn 1922 is der gjin toanieljûn hálden; te min leden.
Yn it jier derop waard it begrip donateur yntrodusearre en waard de feriening folle
grutter. By it 25-jierrich bestean waard de namme feroare yn Vriendenkring. Yn
de oarloch wie de de útfiering betiid op 'e jûn en is der in pear jier net spile."
Yntusken is de Vriendenkring tige súksesfol; "no mei rom 700 donateurs sitte
wy al op fi if ótfierings yn in seizoen", seit Lieuwe grutsk.
Dit jier wurdt hiel spesjaal foar Vriendenkring. Yn april fan dit jier is der
in jubileumwykein, mei op freed 20 april in resepsje yn De Skierstins en op sneon
21 april de Fryske útfiering fan de musical 'Ja Zuster Nee Zuster', mei live muzyk. De
akteurs fan Vriendenkring sille net allinich aktearje, mar ek sjonge. Dêrby is ek de
help ynroppen fan de koaren yn it doarp. De Fryske 'Ja Zuster Nee Zuster' is te sjen
yn de nije romte fan Vriendenkring: de Rinsehal, njonken Visser Konstruktie.
De bouploech, besteande út Geart en Germ van der Veen, bout de hal op dit
stuit om ta teater mei in poadium."Wy tinke noch nei oer in twadde útfiering.
Spitergernôch kinne wy net alle minsken yn ien kear kwyt. Mar wy hâlde elkenien
wol op'e hichte fan hoe't it úteinliks komt. Yn jannewaris krije alle donateurs
in skriuwen by harren stipekaart thús besoarge. "Dêr wurdt alles wol útlein."
De jubileumkommisje is yntusken al hast twa jier dwaande mei dizze útfiering. lt
jout in soad soargen, mar it goede gefoel oerhearsket. "lk bin sa wiis mei dy noflike
ploech minsken en grutst dat it no hieltyd mear foarm krijt." De stipe fan it VSB-fûns,
de Gemeente Dantumadiel, Woudsend, it Prins Bernhard Cultuurfonds en de P.W.
Janssens Friese Stichting is hiel wolkom, want, sa seit Lieuwe, "dit is net samar
wat". De kommisje hopet foar de generale rippetysje net allinnich de skoalbern út
te noegjen, mar ek de minsken dy't yn 'e Talma's wenje. "Dy 100 jier moat goed
fierd wurdel" It is hiel nijsgjirrich, mar wy moatte dochs noch efkes geduld ha oant de maitiid. Wy
winskje Vriendenkring in soad nocht, wille en 'toi toi toi' yn de oanrin nei harren ieufeest!